Politiek

Oerfal op de FNP

Door: Dennis Stoelwinder

JOBBEGEA - De ôfdieling It Hearrenfean fan de Fryske FNP is de lêste moannen oerfallen troch in oanmelding fan nije leden. 

Ate Eijer, fractievoorzitter FNP Heerenveen
Ate Eijer, fractievoorzitter FNP Heerenveen Foto: Omrop Fryslân

De partij is yn de earste wiken fan dit jier mei mear as 10% groeit. Dit is hiel opfallend neffens de partij. Yn it earst de ûnferwachte groei mar ek is it opfallend dat alle nije leden jonger as 30 jier binne. “We ha tink ik yn dizze tiid fan geopolityk as lokale partij wol in antwurd op de fraach dy’t by de jongerein libbet”, sa tinkt fraksjefoarsitter Ate Eijer. Hy wiist der ek op de FNP op It Hearrenfean altiten sichtber is en dúdlik is yn har stânpunten.

“Op It Hearrenfean is neffens ús best in soad mooglik, mar wol altiten fan út de basisgedachte fan de partij: aard, skaal en karakter”, sa stelt Eijer. Mei dizze ynstek sjocht de partij elke kear nei de plannen sa as de renovaasje fan de sintra fan de doarpen mar ek de plannen foar de nije parkeargaraazje of it gemeentehûs. Derneist sette we ús yn foar alle ynwenners. Dêrby komt dat de FNP selsstannich is en kin in yn alle frijheid opkomme foar de belangen fan de eigen gemeente en har ynwenners. (De FNP is gjin filiaal fan Haachske partijen)

Foar maart 2026 stean de nije ferkiezingen foar de gemeenteried op it programma. De FNP sit no mei 3 sitten yn de ried en sjocht folop kânsen om te groeien en se wol dan ek graach in stim yn it nije kolleezje krije. Ynkoarten begjint de partij mei de tarieding foar it programma en de gearstalling fan de kandidaten list foar dizze ferkiezingen. De partij wol dêrom noch grutter wurde. Belangstellenden, jong en âld, kinne hjir foar kontakt opnimme mei Poppe Hooijsma fan it ôfdielingsbestjoer. Til. 06-55723669 of phooijsma@hotmail.com