Column

Arend: Tsjinstfyts

Afbeelding
arend-klein_DSC3276
Ik bin oer de drompel. Twa wike lyn ha ik in elektryske fyts kocht. Eins fûn ik mysels noch krekt wat te jong, mar ik koe it foar mysels wol aardich rjochtprate.
Want ja, no sil ik ek op de fyts op paad foar ynterviews. Dan beweech ik wat mear en kom ik wat faker bûten. Dat is goed foar myn lichaamlike en geastlike sûnens. Myn longen wurkje net altyd mei, de iene dei is de oare net. No kin in bytsje kjeld of wyn mei net mear keare. At ik der yn de planning in bytsje rekken mei hâld, dan is dat goed te dwaan.
Sa bin ik al foar ferhalen op de fyts fan De Gordyk nei Oerterp west, nei Nij Beets en nei Jonkerslân. En ja, ik ha ek al in dikke buie op de kop hân. Mar fierder foldocht it tige. Efkes gjin tillefoan is ek noflik, want belje mei fansels net. Moai om de kop leech te krijen en gedachten op in rychje te setten. As ik dit no ris in hiele simmer folhâld. Fansels, dy racefyts ha ik ek noch, foar dagen mei moai waar.
De fytseman hat my der in moaie fytstas by ferkocht. Der kin fan alles yn, sels de kompjûter. As ik no meikoarten it Sa!-logo der ris op printsje lit, dan wurdt it echt in tsjinstfyts. De razende reporter ûnderweis. As jim toeterje en de hân opstekke, dan wuif ik werom.
Myn frou is ek entûsjast. Mar no’t sy heart dat ik geregeldwei de heechste fersnelling derfoar ha, de motor op Turbo set en dan samar 25 kilometer yn it oere helje, fynt se dat ik in helm opsette moat. Krije je dat wer, dat is my krekt wer in drompeltsje te fier.