Tichtby
Saterdeitemiddei kaam it ynienen wer tichtby. Wy stuiten yn Ljouwert op in demonstraasje fan hûnderten Palestijnen en minsken dy’t harren stypje. Je fielden de emoasjes.

By de demonstranten én oan de kant fan de wei. Hiel wat omstanners wisten eins net wat se deroan hienen. It wie saterdei, it wie lekker waar, it wie hjerstfakânsje. Se wienen der krekt efkes út. De needgjalpen wienen lykwols op de terrassen en fier yn de winkels te hearren.
It lit my ek net los. Ferline wike waard ik grepen troch it ferhaal fan Ofer Shinar Levanon. Hy ûndersiket oan in universiteit yn Jeruzalem de psychology fan it konflikt. Syn konklúzje: Israël en de Palestijnen losse dit konflikt net op, it bliuwt swart-wyt.
At partijen gjin empaty opbringe kinne foar de oare kant fan it ferhaal, is der gjin kâns op bliuwende frede, sa seit hy. It ferhaal hat twa, of miskien noch wol folle mear kanten. Sa is it. At elk by syn hanneljen der ris by stilstiet wat it foar oaren betsjut, dan soe de wrâld der hiel oars by lizze.
De oplossing moat dus fan bûten komme. It wie yn Israël de ôfrûne wiken dan ek al in kommen en gean fan ynternasjonale kopstikken. Elk sjocht it gefaar, mar elk hat ek al jierren in posysje yn dit konflikt. De Amerikanen bliuwe hiel wichtich yn dit ferhaal, mar binne op it stuit al wiken foaral dwaande mei it iens wurden oer in nije foarsitter fan it Kongres. Wat in earmoed.
En no is Rutte, mei al syn ynternasjonale ûnderfining, dy kant ek noch op west. Miskien wol omdat hy koartlyn belutsen wie by dy sa ‘súksesfolle’ Tunesiëdeal. Soe de Palestynske president him ek noch ûnder de noas wreaun ha dat hy yn de earste oeren miskien wol hiel bot pro-Israël wie? Mar alle pogingen om it skip te kearen moat ûndernaam wurde.
Ik bin wilens wol opholden om de online live-blogs oer it konflikt te folgjen. Dan komt je de hiele dei weinich mear út hannen. Ik ha wat oars ûntdekt. At je no moarns betiid, tusken de middei en jûns it sjoernaal sjogge, dan krije je alles moai op in rychje. Wat in útfining is dat.
Arend Waninge












