Stimme
Bin jim der al út? Dat moat eins al. Want woansdei (hjoed) wachtet de stimbus. De Twadde Keamer sil der aanst hiel oars út sjen, dat is al wis. It liket derop dat de grutste fraksje de tritich sitten noch net helje sil. Sa lyts hat de grutste fraksje noch nea west. It is noch net iens sa lang lyn dat it CDA of de PvdA mear as fyftich sitten hienen. Soenen se dêr noch wolris fan dreame? Of ha se dat al opjûn?

Mar it is wis dat it de kommende moannen noch wat wurde sil om ta in nije koälysje te kommen. De ôfrûne wiken koene je oeral wol oer de listlûkers stroffelje. Fan ier yn de moarn oant jûns let wiene se op tillevyzje, de radio, online of yn kranten. Se wienen der op in gegeven momint ek wol mei oan. Ik hearde deselde fan tefoaren betochte opmerkingen hieltyd wer werom.
Ik ha my sa no en dan ek bot ergere. It lieden fan in ferkiezingsdebat is net maklik, ik mocht it sels ek al in kear as wat dwaan. Seker mei in soad dielnimmers is it lestich om it boadskip oer te bringen en elk ta syn rjocht komme te litten. Mar sa’t de hear Genee der ferline wike ynstie, dat wie der fier by troch. Hy joech tidens it debat as debatlieder syn miening. En hy fûn dat syn rol foaral wie om sa no en dan wat hout op it fjoer te smiten.
It waard dan ek in pikehok. Mar der seagen wol oardel miljoen minsken. Wilders pakte de romte dy’t der lei. Dat kinne je de man net ferwite. Hy wie in dei earder ek al te gast by Derksen en Van der Gijp. Krekt as oare listlûkers dêrfoar. Ik begryp dat se der sitten gean. Mar de wize fan wurkjen fan dizze mannen smakket my net. It leafst komme se yn de útstjoering werom op de gast fan in dei earder. En dan is it wachtsjen op in pear flinke snearen. En mar laitsje wylst de persoan yn kwestje der net mear by is.
Polityk is hieltyd mear amusemint wurden. En dat wylst de op te lossen problemen sa allemachtich grut binne.
Arend Waninge












