Column

Nuver tillefoantsje

Door: Redactie

Ferduld, it jier is al sawat wer foarby. It sil wol itselde oantal dagen west ha as oars, mar it lykje der folle minder. It is de tiid fan plannen meitsjen foar it nije jier. It wurdt foar de Sa! in jubileumjier. We meitsje dan de tsien jier fol, in bysûnder jubileum. Wy stinne al op plannen om dat te fieren. 

Arend Waninge
Arend Waninge Nel Wierenga

It is ek de tiid fan it jier om sels ris nei te tinken oer hoe’t it allegearre giet. Miskien is it wolris goed om dat ek oan jim, ús lêzers te freegjen. Je moatte krityk net út de wei gean. In bytsje tsjingas, dêr wurdt elk better fan. Krekt doe’t ik oan it betinken wie hoe’t dat dan allegearre yn syn wurk gean moat, gie de tillefoan. 

Ik koe it nûmer net, mar drukte dochs mar op de griene knop. It wie in meiwurker fan de gemeente Skylge. Der waard earst wat omhinne praat, mar doe kaam de man mei it wetter foar de dokter. Hy frege oft ik ek boargemaster fan Skylge wurde woe. In Sweachster dy’t yn it ferline alris in putsje by de eilângemeente dien hie, hie myn namme oppere.

Ik bin in man fan bûten, in man dy’t al tweintich jier in gemeenteried folget, in man dy’t aardich skriuwe kin. Dat as der tiid oerbleau, koe ik miskien ek noch wol wat foar de VVV betsjutte. Der waard dus aardich sjerp smard. Ik rôp fuortdaliks dat it gemeentehûs dochs net oer de nije boargemaster giet, dat dit oan de gemeenteried is. Dy hie der in potsje fan makke, krige ik as antwurd. En doe’t ik sei dat in waarnimmer beneamd wurdt troch ús kommesaris fan de Kening, doe begûn it oan de oare kant hielendal te tongerjen. De beller wie net hielendal wiis mei Brok syn hanneljen yn de kwestje mei de hjoeddeistige boargemaster.

No ja, wat moatte je? Ik ha mar sein dat ik der yn de krystdagen oer neitinke sil. Der is takom wike dochs net in krante. Op 3 jannewaris stiet hjir fêst wer in kollum. At dy dan fan my is, sil bliken dwaan. Miskien naai ik ek wol út. Dat binne se op Skylge ek wol went. Noflike dagen!

Arend Waninge