Dûnserij
At je wat nijsgjirrich binne, dan komme je op plakken wêr’t je oars net sa gau komme. Sa siet ik sneintemiddei ynienen by in dûnsfoarstelling. Op útnoeging wie ik mei nei de iepen dei fan De Lawei.

Op it poadium in grut wyt doek, mei wat bewegingen derachter. Letter kamen de trije dûnsers sels foar it ljocht. Ik koe der gjin tou oan fêstknoopje. Dat lei tink ik oan my. It kaam by my net binnen. Mar ik wie dan ek noch net earder by sa’n dûnsfoarstelling west. Ynienen hearde ik achter my in famke sizzen: “Pap, wat zijn ze eigenlijk aan het doen?” Blinder, ik wie dus net de ienige dy’t it net allegearre troch hie. De trije froulju giene wilens gewoan fierder mei harren dûnserij.
Doe’t se efkes stil op de grûn leinen, wie der ien yn ’t publyk dy’t al begûn te klappen. Mar it koe noch net dien wêze. Der hong ek noch in grutte hoepel op it toaniel dy’t noch net brûkt wie. Dat hie ik goed sketten. Efkes letter klom ien fan de froulju deryn. Der sieten in soad bern yn de seal en dy bleaunen rêstich. Dat fûn ik knap. Ik tocht ûndertusken: ‘hoe soe’t by Ajax-Feyenoord wêze en by it EK fytsen op de VAM-berch?’
Doe’t it dien wie, waard der om ’t leven joechhei roppen. De minsken fûnen it mar wat moai. Ik hearde dat de froulju op syk west wienen nei it ien en oar, dat se derachter kamen dat se gearwurkje moasten en dat se op it lêst harren plak fûn hienen. Knap dat minsken dat deryn sjoen ha. At se it fan achteren nei foaren dûnse hienen, wie it my tink ik net opfallen.
Op de fyts fan Drachten nei hûs seach ik op de tillefoan dat se yn Amsterdam ek útdûnse wienen. De klassiker yn de Arena wie staakt. Ek dêr sil op de tribune wol genôch minsken sitten ha dy’t net wisten wêr’t se nei sjoen hienen.
Arend Waninge












