Algemeen

Jookje op de Autobahn

Door: Redactie

Ik bin sels nochal gau fan it dookjen. Ek at oaren tsjinoer my begjinne te jookjen, dan rop ik fuortdaalk dat se dêrmei ophâlde moatte. It fielt wat âld oan en ik fiel my der meastentiids net noflik by. Somtiden bin ik fuort op myn iepenst at ik mei ‘jo’ oansprutsen wurd. Dan tink  ik dat de oare kant wat fan my ha moat.

Arend Waninge
Arend Waninge Foto: Nel Wierenga

Sa as ferline wike, doe’t wy in hiele dei ûnderweis wienen op de Dútske Autobahn, fan fakânsje op wei nei hûs. En it Dútske fatsoen koe de hiele dei gjin grinzen. Om de pear kilometer waard ik mei respekt oansprutsen: ‘Wir bauen für Sie.’ Foar jo dus. En fuortdaalk kaam der wer in buordsje mei de oankundiging fan de safolste weiwurksumheden. Wer nei smelle rydstroken of fan twa nei ien rydbaan. En dat meast mar foar in lyts eintsje. 

Ik waard der op it lêst singelier fan. It kaam it sin net te ‘n goede, ek al druide myn reisgenoat my in pear kear yn dat wy mei fakânsje wienen. Se begreep net wêr’t ik my drok om makke.

It liket der sawat op dat dy Dútsers it derom dogge. Krekt foar de simmer oeral mar oan de wei begjinne, om ús as toeristen te pleagjen. Om ús mar oan it ferstân te bringen dat it bêst wat fuotten yn de ierde hat om te soargjen foar moaie, snelle Autobahnen. Wylst wy dit jier sawat al ús fakânsjejild by harren útjûn ha. Dêr koenen se ek wol wat rekken mei hâlde.

Soe it net wat wêze dat dy Dútske weiwurkers al harren wurk tusken september en maaie dogge? En dan de dagen wat langer meitsje. Want effisjint liket it ek net echt. De helte fan ‘e tiid sjochst net in mins oan it wurk. Of se steane te oerlizzen. Sa raar liket dy oplossing noch net. It skeelt ús yn reistiid en argewaasje. En de weiwurkers kinne de hiele simmer mei fakânsje. Ik sjoch allinnich mar foardielen. Soe Pieter Omtzigt dat ek foarelkoar krije kinne?

Arend Waninge