Cultuur

Western yn Sigerswâld

Elke fiif jier hat Sigerswâld doarpsfeest. Oant no ta wie it tradysje dat de toanielferiening dan in stik spile. “No hie’k it stik Fort Mustang lizzen, dat eins net sa geskikt is foar op it toaniel.” Dus waard besletten om dit stik yn de iepenloft rûn doarpshûs Uthôf te spyljen. Sa’n 25 spilers, meast jongerein, dogge mei. Mar der is ek in rol foar in stikmennich hynders. “Dat wurdt spannend, want we witte net hoe’t de hynders reagearje sille op it publyk. Der wurdt al drok oefene mar we ha ek in plan B foar as it net slagget.”

Afbeelding
Foar it earst yn de skiednis belibbet Sigerswâld dit jier in iepenloftspul. It wurdt tidens it doarpsfeest in wier Westernspektakel. Net samar in toanielstikje bûtendoar, it lytse doarp wol sjen litte wêr’t it grut yn is. En dat wurdt dien mei in grutte bouploech, spilers en dûnsers: “Allegear út eigen doarp en foar de measten is it in folslein nij aventoer”, seit regisseur Elske Klooster.

Ford Mustang is skreaun troch Ton Fontaine en yn it Frysk oerset troch Siep Jorna. Foar Sigerswâld had Elske Klooster it stik bewurke. “Ik ha in soad skrapt. Fort Mustang is in stik mei foaral mannerollen. Lokkigernôch ha we genôch jonges dy’t meidwaan wolle. Ik ha yn it stik wat mear froulju ynbrocht, benammen yn de figuraasje.”

Fort Mustang leit midden yn it yndianegebiet fan de Swart-, Wyt-, Plat- en Switfuotyndianen. Der driget in stammeoarloch op de prairie want de yndianen dolle de striidbile op. It wurdt in kommen en gean dêr op Fort Mustang. Kolonel Mekkie, syn Sineeske betsjinner Liem Po, ferkenner Old Babbels en Luitenant Roberts ha it der tige drok mei, want de lêste fan de Switfuotyndianen komme nei Fort Mustang om de kolonel om syn bemiddeling te freegjen.

En dan binne der ek noch de froulju fan de WIM! Dy wolle dat de kolonel syn ynfloed jilde lit by Oef, yn it ramt fan de emansipaasje fan de froulju. Wilens meitsje de oare yndianen har op foar de oanfal op Fort Mustang. Se wolle dat haadman Oef oan harren útlevere wurdt. Kolonel Mekkie wol hjir lykwols neat fan witte en dan binne de rapen gear.

Ford Mustang wurdt spile op 18, 19 en 20 juny. De foarstellingen begjinne om 20.00 oere. Kaarten binne der allinnich noch foar de 19e en binne te bestellen op

fortmustang14@hotmail.com en oan de kassa fan Arob Antennebouw oan it Foarwurk 39k.