Column

Arend: Oranje

Afbeelding
arend-klein_DSC3276
Reklamemakkers binne al wiken dwaande om ús yn de goeie EK-sfear te bringen. It krige my lykwols mar net te pakken. Dy grutte ego’s dy’t ek noch fersterke wurde moatte mei al dy plakplaatsjes op earmen en skonken, it stiet my hieltyd faker tsjin.
Earder koe ik der sa nei útsjen, ik wist alles. Op de middelbere skoalle kocht ik tidens toernoaien alle wiken in Voetbal International. De lokale besoarger brocht op fersyk alle dagen in Telegraaf oan hûs. It resultaat leit noch yn de kast. Plakboeken fol knipsels en op de typemasjine tikke feltsjes dêr’t ik sels it ferrin fan de wedstryd yn opskreau. Letter doe’t de bern lyts wienen, setten wy Wuppies en oare gekkichheid foar de telefyzje, foar de wedstriid drapearren wy plechtich in oranje sjaaltsje oer it tastel. Dat koe doe noch, mei dy bakbisten fan telefyzjes.
En ferduld, de lêste dagen begûn it dochs wer te kribeljen. Dy grutte soannen fan my folgje alles op de foet, ik waard ek wer entûsjast. Mar ik ha der eins wol oan, wa’t der yn it fjild steane. Op de fraach wêr’t dy en dy spilet, skodzje de jonges de holle. Dat ik dat net wit. En sa sieten wy sneintejûn samar mei fjouwer man fuotbaljen te sjen. Ik libbe wer like bot mei en ergere my sa no en dan. Sa at it heart. Yn de earste helte frege ik oft sponsor thuisbezorgd.nl ek doelpunten besoargje kin. Der waard net om lake. Bloedserieus folgen se de wedstriid. Wy wûnen snein ek noch! En wonder o wonder, heit hat yn de gokpoule ek noch mear punten as syn âldste soan. Safolle ferstân hat hy der noch wol fan!