De histoarje fan Lokaal Bethel yn Terwispel
TERWISPEL Fan 1907 oant 1914 waard der fan De Gordyk út war dien om de evangelisaasje fan Terwispel op poaten te krijen. Der waard sels in mobiel Lokaal Bethel bout. Nei 1914 wie it hurd dien mei de belangstelling. De grifformearden fan De Tynje namen it wurk oer. In stikje histoarje wêr’t hast nimmen fan wist. Beskreaun troch Hindrik Liemburg fan Terwispel Histoarje

Om’t ik graach yn âlde kranten sneupe mei, kaam ik in jier as wat ferlyn yn de Hepkema fan 21 desimber 1920 in advertinsje tsjin fan in Krystfeest yn Lokaal Bethel yn Terwispel. Wêr soe dat west ha? In melding op de Facebookside fan Terwispel Histoarje smiet net safolle op. Letter kaam ik mear advertinsjes tsjin fan tsjerketsjinsten yn itselde Lokaal. It makke my nijsgjirrich. Mei help fan Gosse van der Plaats, Ytsen Zuiderveld fan Tresoar, Dr. Teije Osinga en oaren, krige ik it ferhaal boppe wetter.
Evangelisatieverenigingen
Dr. Teije Osinga publisearre yn 2021 syn promoasjeûndersyk ‘Hervormde Evangelisatieverenigingen in Nederland 1855-1951’. It docht bliken dat yn 1865 op’e Gordyk de feriening ‘Eben-Haëzer voor Christelijke belangen’ oprjochte is. Yn 1909 is de namme feroare yn ‘Eben-Haëzer, vereniging tot Evangelisatie in Gorredijk en Omstreken’. Hjir foel Terwispel ek in koart skoftsje ûnder. It gie om Grifformearde Evangelisaasje. Mar wêr stie harren gebou? Net oan De Griene Dyk sa as earst tocht, ek net oan it Skeanpaad. En yn de tsjerkeargiven fan Terwispel, Tynje en De Gordyk en mei Museum Opsterlân kaam ik ek net fierder.
Alt Liemburg (89) en Geart Voolstra (95) fertelden my koartlyn dat op it stikje lân oan it begjin fan de Ald Dyk earder in gebou stie dat neffens Geart wat mei de tsjerke te meitsjen hie. Dat brocht mei fierder. It giet om it plak dêr’t no it carpoolplak oan De Koaibosk leit.
![]()
De Hepkema fan 21 desimber 1920
Skieppehok
It die bliken dat yn 1907-1908 fan De Gordyk út evangelisaasjewurk plak fûn yn Terwispel. Dat moat neffens Osinga begûn wêze yn 1906, doe’t Jetse de Vries dêr evangelist wie. In ferslach yn it kristlike blêd ‘De Spiegel’ fan 19 jannewaris 1907 sprekt fan de fraach út Terwispel om ek dêr sneinsskoalle en bibellêzing te hâlden. Soks fynt ynearsten plak yn ‘een schapenhok van 3 x 4,5 M., den eene kant 1 M., aan den anderen 2 M. hoog.’
It waard ynteressanter doe’t ik yn ‘De Nederlander’ fan 13 maart 1906 in be- rjocht tsjinkaam om jild te garjen foar in gebou dat ferpleatst wurde koe. Terwispel soe as earste oer sa’n gebou beskikke kinne. Ut it jierferslach 1905-1906 fan de ‘Vereeniging tot Evangelisatie binnen de classis Heerenveen der Ned. Herv. Kerk” (VtE H’veen)’, dy troch ferskate otterdokse dûmnys yn it libben roppen wie, kaam Osinga it folgjende te witten: ‘Doe’t de belangstelling foar it evangelisaasjewurk yn Terwispel oansloech, moast der in oar ûnderkommen komme. Doel wie om 500 gûne by elkoar te bringen foar in ferpleatsber gebou dat letter mooglik ek op oare plakken brûkt wurde koe. De aksje smiet 1.600 gûne op.’
Op 28 juny 1906 is der troch de ‘Vereeniging tot Evangelisatie binnen de Classis Heerenveen’ foar 50 gûne in tippe lân fan 65ca kocht fan Sybren Walles de Vries, in boer út Koartsweagen. Se namen it ferpleatsbere gebou op 2 septimber 1906 yn gebrûk. Yn ‘De Spiegel’ stiet bûten in ferhaal ek in foto fan Lokaal Bethel. Troch de freonen fan De Gordyk waard in ‘prentbriefkaart fan it gebou makke om jild yn te sammeljen.
Sneinsskoalle
Der waard sneins drok gebrûk fan makke. Moarns wie der sneinsskoalle en middeis bibellêzing. Troch de wike waard it brûkt foar kategisaasje, mar ek in oprjochte ‘jonge dochtersvereeniging’ kaam der by elkoar. Dy feriening telde yn 1908-1909 acht leden, ‘waarvan er vier nooit in de kapel komen’. De sneinsskoalle waard besocht troch sa’n 40 learlingen. De lieding wie yn hannen fan in lid fan de jongelingsferiening fan De Gordyk. De ferhâlding mei de frijsinnige predikant fan Terwispel wie goed neffens it jierferslach 1907-1908: ‘De vrijzinnige predikant van Terwispel schonk eene bijdrage voor de kerstfeestviering onzer Zondagsschool aldaar. Dit is een schoon bewijs van waardering, waarover wij ons hartelijk verheugen. Er blijkt uit, dat niet overal de strijd met bitterheid behoeft gestreden te worden’.
In kranteknipsel út de Hepkema fan 16 desimber 1911 jout noch in fleurich byld, de besite oant it lokaal sit noch aardich yn de lift. Nefens Osinga wienen der yn 1909 elke sneintemiddei tsjinsten, dêrt 16 oant 18 persoanen op ôfkamen. In jier letter wie dat oantal ferdûbele ta 32. Dat wie blykber mei ynbegrip fan grifformearde bewenners fan Terwispel.
Konkurrinsje
Twa jier letter lieten dy it ôfwitte, blykber op oanstean fan de grifformearde dûmny fan’e Tynje. De grifformearde tsjerke fan de Tynje timmere goed oan de wei nei’t yn 1911 in eigen predikant, ds. Terpstra beneamd wie. De nije evangelist fan Bethel, Andries Wilbers (1882-1965), skriuwt hjir oer: ‘trachten (zij) het beste deel van den kleinen kring mee te trekken’.
It betsjutte wol dat it tal besikers oan Bethel werom rûn. Soe de bou fan de nije sneinsskoalle yn 1918 oan de Mouwewei, ûnder behear fan de Grifformearde tsjerke fan’e Tynje, fan dy tiid ôf hjir ek yn meispile ha?
‘jammerlijk vervallen’
Fjouwer jier letter (1917) wurdt Bethel allinnich noch brûkt foar de sneinsskoalle en sa no en dan in begraffenis. It jierferslach fan 1922-1923 lit oer Terwispel noch witte: ‘Het lokaal dat daar van vroeger nog staat, is niet meer te gebruiken; geheel en al jammerlijk vervallen. De arbeid bestaat dus vooral in huisbezoek en wat daarmede samenhangt.’
Tusken 1907 en 1914 hawwe der fjouwer fêst oanstelde Evangelisten west dy’t yn Lokaal Bethel preke ha. Jetse de Vries (1862-1946), Anne Fokkes van der Wey (1865-1929), Andries Wilbers (1882-1965) en Geert Veenema (1879-1941). Der binne ek ferskate gastprekers west. Nei 1914 kom ik gjin preken mear tsjin yn Lokaal Bethel. Ds. Veenema preke allinne noch op’e Gordyk.
Lêste berjocht
In lêste berjocht oer Terwispel is fan de jierren 1937/1938. Dan wurdt der skreaun dat yn Terwispel in stik lân ferkocht is foar 25 gûne. Mar of dat noch is fanwege it gebou Bethel is net dúdlik. Dochs sil Lokaal Bethel mar in koart stik histoarje wurde foar Terwispel want we kinne op basis fan gegevens fan kadaster oannimme dat it lokaal yn 1926 ôfbrutsen is.
Nei de ‘sloop’ bliuwt it lân braak lizzen oant de Vereeniging tot Evangelisatie it yn 1935 foar 115 gûne ferkeapet oan Bouwe Gaastra, boer yn Terwispel. Mei as sûnder lokaal.













