Luuk slacht mei de miggemepper om him hinne. ‘Sjochst se wer fleanen’, snibbet Janneke. Dan lêbet se: ‘Bedoarn fleis lûkt ongedierte oan‘, wêrop Luuk andert: ‘Ja en fan giftige planten bliuwe se fier fuort.’ De toan is set yn it earste bedriuw; Luuk en Janneke, alias Sietse Bouma en Elske Klooster, krewearje derop los yn ‘In frou mei behoeften’.
De hiele toanielwrâld leit al in jier stil, der mei wol wer wat reuring op de planken komme. No sil dat net drekt mei in grut toanielselskip kinne, mar wol mei twa man, betochten Sietse Bouma en Elske Klooster. Begjin dit jier bin se úteinset. “We tochten: sadree’t it kin, springe we deryn”, seit Sietse. En dat kin op freed 18 juny, dan spylje se de premjêre fan it stik ‘In frou mei behoeften’ yn it doarpshûs fan Sigerswâld. Al in skoft lyn foel Sietse syn each op de Flaamske komeedzje ‘Een vrouw met behoeften’ fan John Vermeulen. “Dat fûn ik in hiel moai stik, ik siet der bot om te gnizen. Dy humor is wol in bytsje myn humor. Dan sikest om in Fryske oersetting, mar dy wie der net. Ik tocht: dan doch ik it sels mar.” Noch nea earder hie hy oerset yn it Frysk, mar it slagge bêst. “Ik ha it Elske lêze litten en har doe frege oft se it mei my spylje woe.”
Elske en Sietse kenne elkoar fan ûnder oare it fiifjierliks iepenloftspul fan Sigerswâld. Beiden bin belutsen by tal fan foarstellings; Sietse as spiler, Elske as regisseur. Elske: “Ik ha al jierren net sels spile, ik moast sjen oft ik it noch wol koe. Doe’t ik dit stik foar it earst lêsde, tocht ik: Jee, wat in stel.” Se krûpt aardich yn har rol fan notarisdochter fan yn de fjirtich. Snibbet derop los tsjin Luuk, mar mei in ûndertoan fan langstme. It fjoer fan de leafde liket útdôve, of dochs net…?
Luuk: ‘Moatst in hiele keardel wêze om mear te fertsjinjen as dyn frou útjaan kin.’ Janneke: ‘En je moatte in hiele frou wêze om sa’n fint fine te kinnen.’ Dan swietmûlket Janneke: “Ik soe noch wolris op de efterbank fan de auto frije wolle….” Se is net goed by de holle, tsjinnet Luuk har fan replyk. Op fakânsje dan mar? Alles better as dat stomme Benidorm, seit Janneke. Se docht in foarslach: Itaalje of miskien Amearika? “Fjirtjin dagen spagetty frette seker?” Luuk sjocht dêr neat yn. “En ik ha in hekel oan Amearikanen.”
De premjêre (18 juny) fan ‘In frou mei behoeften’ is útferkocht. Fierder wurdt spile op sneon 19 juny en freed 25 juny. SIEL is beskikber om op oare plakken te spyljen. Reservearje fia 06-2380 5598. Facebookside: Kultuer yn Sigerswâld
De hiele toanielwrâld leit al in jier stil, der mei wol wer wat reuring op de planken komme. No sil dat net drekt mei in grut toanielselskip kinne, mar wol mei twa man, betochten Sietse Bouma en Elske Klooster. Begjin dit jier bin se úteinset. “We tochten: sadree’t it kin, springe we deryn”, seit Sietse. En dat kin op freed 18 juny, dan spylje se de premjêre fan it stik ‘In frou mei behoeften’ yn it doarpshûs fan Sigerswâld. Al in skoft lyn foel Sietse syn each op de Flaamske komeedzje ‘Een vrouw met behoeften’ fan John Vermeulen. “Dat fûn ik in hiel moai stik, ik siet der bot om te gnizen. Dy humor is wol in bytsje myn humor. Dan sikest om in Fryske oersetting, mar dy wie der net. Ik tocht: dan doch ik it sels mar.” Noch nea earder hie hy oerset yn it Frysk, mar it slagge bêst. “Ik ha it Elske lêze litten en har doe frege oft se it mei my spylje woe.”
Elske en Sietse kenne elkoar fan ûnder oare it fiifjierliks iepenloftspul fan Sigerswâld. Beiden bin belutsen by tal fan foarstellings; Sietse as spiler, Elske as regisseur. Elske: “Ik ha al jierren net sels spile, ik moast sjen oft ik it noch wol koe. Doe’t ik dit stik foar it earst lêsde, tocht ik: Jee, wat in stel.” Se krûpt aardich yn har rol fan notarisdochter fan yn de fjirtich. Snibbet derop los tsjin Luuk, mar mei in ûndertoan fan langstme. It fjoer fan de leafde liket útdôve, of dochs net…?
Teaternamme
It grutste diel fan harren enerzjy besteegje Janneke en Luuk oan hottefylje, gekoanstekkerij en strideraasje. Oer sinten, seks, foarkommen en wat al net mear. Sietse: “Dizze rollen bin moai oan mekoar weage en dat bin wy ek wol.” Foar de gelegenheid ha Sietse en Elske harren in teaternamme oanmjitten: SIEL, de earste letters fan beide nammen. Nei alle gedachten bliuwt it foar selskip SIEL by dit iene stik. Sietse: “Ik tink net dat we oar jier wer mei syn beiden op it toaniel stean. Mar je witte fansels noait.”Luuk: ‘Moatst in hiele keardel wêze om mear te fertsjinjen as dyn frou útjaan kin.’ Janneke: ‘En je moatte in hiele frou wêze om sa’n fint fine te kinnen.’ Dan swietmûlket Janneke: “Ik soe noch wolris op de efterbank fan de auto frije wolle….” Se is net goed by de holle, tsjinnet Luuk har fan replyk. Op fakânsje dan mar? Alles better as dat stomme Benidorm, seit Janneke. Se docht in foarslach: Itaalje of miskien Amearika? “Fjirtjin dagen spagetty frette seker?” Luuk sjocht dêr neat yn. “En ik ha in hekel oan Amearikanen.”