Falentyn, dat is in moaie oanheakker om in Fryske jûn te organisearjen betocht de Stifting Kultuer fan de Wite Tsjerke Himrik. Foarlêze ha se dêr wol faker dien mar noch nea yn it Frysk. Dus waarden dichters, skriuwers en ferhalefertellers optrommele om der tongersdei in ôfwikseljende jûn fan te meitsjen.
Douwe de Bildt fan Jorwert iepent de jûn mei in priuwke út syn bondel De Jorwerter Dweilstikken, in samling smoute ferhalen dy’t oan de stamtafel yn it kafee ferteld wurde. “Eartiids stiene de Jorwerters bekind as sûplappen, dêr komt de namme Dweilstikken wei. In pear hûndert jier ferlyn waard bygelyks in dûmne út it amt set omdat hy mear yn ‘e romer seach as yn de bibel.” De Bildt keas foar dizze jûn oer de leafde in ferhaal oer syn eigen leafde foar it doarp Jorwert.
[caption id=”attachment_24601” align=”alignnone” width=”900”] Douwe de Bildt.[/caption]
De Fryske Falentyn-jûn is in idee fan Gelbrichje Visser en Ane Zwerver. Ane: “Foarich jier hienen we hjir in foarlêsestafette. It foel my op dat dêr allinne Nederlânsk wie dat doe sei ik tsjin Gelbrichje: moat we net ris wat yn it Frysk dwaan?” Se leinen it idee foar oan de Kultuerkommisje dy’t it op ha beurt yn de brûsgroep goaide. Jelke van der Velde fan de kommisje: “It die bliken dat 14 febrewaris noch leech wie yn de aginda. Dan kin we it ek wol oer de leafde ha, betochten we.” Se fregen dichters en ferhalenfertellers út eigen doarp mar ek fan fierder fuort.
It falt Ane op dat der dizze jûn folle mear Himrikkers yn de seal sitte as oare jûnen. Miskien wol om’t de eigen doarpsdichter Tsjisse Hettema ek meidocht tinkt hy. “Ik woe mar begjinne mei Gysbert Japicx want dat is de stamheit fan alle Fryske dichters.” Grappich genôch makke Tsjisse it gedicht Gysbert X yn it Stellingwarfs. Fan de pine fan Japicx giet er lâns de in frou yn in reade sirkel en Tjongerdelta om de einigjen mei it leafdesgedicht ‘Myn Wyfke’: “Dyn leafde lis ik as in djoere mantel om my hinne.”
Froukje Galama krijt de hannen opelkoar mei dingen dy’t by elkoar passe. “Krekt as in kopke past by in pantsje, sa heart Liekele by Antsje”, rimet se. Mar ek it autobiografysk ‘Heit’ makket emoasjes los. Andrys Visser fersoarget in yntermezzo op de lûkpûde. Ferstoppe yn arrangeminten wurdt Eeltsjes sankje (forjit my net as bolle wyntsjes waaie) mar troch in inkeling werkend. Se kin noch wolris in meisjongjûn organisearje, betinkt Jelke van der Veld.
Henk Hansma, ek fan de Himrik, makket fan histoarje fantasy en oars om. Buorfrouwen Doetsje Dijkstra en Hielkje Nieuwland kinne it ferhaal wol fan dat berntsje yn it deafetsje ûnder de âlde bûkebeam. Dy beam stie by it hûs oan de feart, se ha der wol west. Mei har 32 jier is Doetsje jûn wolhast de jongste harker tinkt se. “Ik bin hjir foar de Fryske taal en it ûnderwerp leafde sprekt my tige oan.” Komt noch by dat se sân jier ferlyn yn ditselde tsjerkje troud is, ferklapt se. Of it ferhaal oer de bûkebeam en it deade berntsje wier bard is? “Dat bliuwt in geheim”, seit Hansma.
[caption id=”attachment_24602” align=”alignnone” width=”900”] Henk Hansma.[/caption]