Cultuur

Wa is Wa

Op it bekende revuefjild oan de Oude Groningerweg wurdt in tiidleas en komysk stik spile mei sa hjir en dêr in stikje muzyk. It ferhaal spilet him ôf yn Frankryk wêr’t Lady Hurf en Lord Edgard in filla hierd ha. De twa binne neef en nicht en al op leeftyd. Op dizze fekânsje siket Lord Edgard rêst, wylst Lady Hurf leaver wat ferdivedaasje hat. Sy hat dan ek har nichten útnoege: de jonge widdo Eva en Jullietta fan likernôch 20 jier. Se binne beide smoarryk en it is oan Lord Edgard en Lady Hurf om te soargjen dat se in lykweardige partner oan de heak slaan kinne. Se wurde dêrby holpen troch de bankiers Dupont, heit en soan, dy’t ek each ha op de rykdom fan de beide froulju. Sels binne se hast bankroet, in houlik soe harren rêde kinne.

Afbeelding
Nei de suksessen fan Folk sûnder oeren, Hurd om Hut, De Krytcirkel en De Skepershûn, organisearret stichting Ferdivedaasje Jobbegea fan ’t jier it iepenloftspektakel Wa is Wa.

Mar der binne mear kapers op de kust. It skynber sa fredige stêdsje wurdt pleage troch bûsehifkers (zakkenrollers). Se ferwikselje faak fan klean en prúk om by minsken yn de kunde te kommen, mar wa is dan wa? Lady Hurf mient de âldste noch fan eartiids te kennen en noeget se út ek by harren yn de filla te kommen.

Wa is Wa wurdt spile troch akteurs fan de gearwurkjende toaniel-, sang- en muzykferienings fan Jobbegea-Hoarnstersweach. Sy bringe om de trije jier in iepenloftspul. “We spylje gewoan in hearlik stikje doarpstoaniel en dat wolle we ek graach sa hâlde. Fan ús, troch ús en foar jim”, seit bestjoerslid Age Hartsuiker. “We litte altyd safolle mooglik minsken meidwaan, benammen ek in soad jongerein.” Risseltaat is in produksje mei sa’n 30 spilers fan wa in tredde part jongerein.”

Wa is Wa wurdt spile op 26, 27, 28 en 29 juny. De foarstellingen begjinne om 21.00 oere. Kaarten: 06-2928 7896, 0516-461891, info@ferdivedaasje-jobbegea.nl.