Column

Plastic

Afbeelding
arend column 2
Wy ha thús al in skoft in ekstra ôffalbak, foar it plastic. Dat kinne je fergees kwyt by it stoart. Alderferskuorrendst, wat in bulte plastic brûke wy; je ha it pas troch at je it skiede.
At ik nei de supermerk gean, nim ik dêrom no fan dy netsjes mei om plastic pûdsjes út te sparjen. Stronkjes wytlof en prei kinne ek sûnder ferpakking wol yn de aparte griente- en fruittas. At je der each foar ha, kinne je sa hiel wat bydrage oan in wrâld mei minder plastic.
Sneontejûn wie ik by de Music Meeting op De Gordyk, de gesellichheid is foar my wichtiger as de muzyk. Foar de feroaring stie ik dit kear dêrom oan de oare kant fan de bar. Mei in groep frijwilligers wiene wy in jûn yn it spier om mei in soad wille ús klupkas mei in snel fertsjinne bedrach te spekken. Wy stiene droech, mar wat wie it in skytwaar. Dat koe de jeugd lykwols neat skele, se wiene allang bliid dat der wer ris in echt feest wie. Ut je dak gean mei De Hûnekop mei in hjerstige buie oer de lea. At je jong binne, kinne je in soad ha. En oars is de beerenburg noch altyd in betûft sjirurch, de beerenburg-cola wie net oan te slepen. Der sil fan ‘e wike fêst ris ien mei gryp op bêd lein ha, mar ek dat heart derby. Myn heit learde my earder al: ‘wa’t nachts fisket moat deis netten droegje’.
Doe’t de jûn dien wie, sieten wy mei de tapers noch efkes nei. Op wei nei myn fyts, rûn ik letter oer in leech terrein. Troch in see fan plastic glêzen. Sneintemiddei by it boadskipjen fergeat ik samar myn griente- en fruitpûdsjes mei te nimmen.