Cultuur

Iepenloftspul Animal Farm: oan wa is de macht?

Kaartferkeap Animal Farm

Iepenloft Opsterlân.
Iepenloft Opsterlân. Iepenloft Opsterlân.
Doe’t de Ingelske skriuwer George Orwell it boek Animal Farm yn 1945 publisearre, duorre it noch wol in pear jier foar’t it boek hiel bekend waard. Orwell skreau Animal Farm nei syn observaasje fan de gedragingen fan de kommunisten sa’t hy dy yn de tritiger jierren yn de Spaanske Boargeroarloch sjoen hie. It ferhaal is syn sjochwize op it totalitêre politike systeem sa’t dat nei de revolúsje fan 1917 yn de Sovjet Unie ûntstie. Animal Farm is tsjintwurdich in saneamde klassiker, mar dêr hat de skriuwer sels net folle fan meikrigen. Hy ferstoar yn 1950, noch mar 47 jier âld.
It ferhaal spilet yn de Opsterlânske setting op in buorkerij fan boer Wassenaar. Syn bisten ha der genôch fan om as slaven fan de minsken libje te moatten. Se nimme de leie sels yn hannen en jeie de minsken fan it hiem. Mar as de boer der net mear wêze soe, wat dan? It binne foaral de bargen dy’t hieltyd mear foar master opslagge. Mar wa wurdt de lieder? Twa bargen gean de striid oan. De oare bisten witte net wêr’t se oan ta binne. Wa moatte sy folgje? Wa fertelt it wiere ferhaal?
As úteinlik ien fan beiden derút set wurdt, wurdt it libben foar de oare bisten op de buorkerij swierder en swierder. Se binne mei-elkoar de reboelje begûn mei de gedachte dat alle bisten lykweardich binne, mar de bargen eigenje harren sels hieltyd mear privileezjes ta. Dat dogge sy net samar. De bargen slagge de oaren mei propaganda om de earen. Mei wierheden en ûnwierheden om harren eigen paad mar skjin te feien en om de oare bisten der mar fan te oertsjûgjen dat sy gelyk ha en dat de maatregels dy’t sy nimme goed binne. De oare bisten twifelje. Wat is wier? Wat is net wier? De bargen litte it net by wurden allinnich. As de bisten net om lyk wolle, dan helpt in groep hûnen wol om harren te ‘oertsjûgjen’.
De bargen komme neat tekoart. Mar de oare bisten? Is it foar harren wol safolle better wurden nei de opskuor? Guon bisten sykje ek harren paad nei de macht, oaren ha der mear muoite mei. Sy dogge harren wurk en hâlde fierder harren bek. En binne de bargen úteinlik wol safolle oars as de minsken? It is mar de fraach hoe’t dit ôfrinne moat. En lit boer Wassenaar it der samar by sitte dat er fan syn eigen hiem ôfjage is? Of komt hy mei syn trawanten noch in kear del om ferhaal te heljen? De foarstellingen fan Animal Farm wurde spile op it âlde fertroude plak yn it iepenloftteater fan Sparjebird op ‘e Himrik. Op freed 6, woansdei 11, freed 13, saterdei 14, woansdei 18, saterdei 21, woansdei 25, tongersdei 26 en freed 27 septimber. Alle jûnen begjint it om 20.00 oere. Kaarten foar Animal Farm binne online te bestellen fia skans.nl.