Nieuws

Goeiemoarn yn frijheid

Door: Redactie

It is dizze wike 80 jier lyn dat Opsterlân har frijheid werom krige. Adri de Boer, gemeentedichter fan Opsterlân, skreau yn it ramt fan ‘80 jier frijheid’ dit gedicht.

Adri de Boer
Adri de Boer Foto: Piet Douma

Goeiemoarn yn frijheid

It klinkt eins sa gewoan,
fanselssprekkend, in laits der by.
In knikje, in goeiemoarn!
’t Is folle mear as allinne frij.

Alle dagen in lyts winskje.
Mekoar freonlik groetsjend,
mei positive yntinsje
yn ’t foarbygean as moetsjen.

Wy kinne altyd kieze,
libje salang al frij.
Mar ’t is hiel gau te ferliezen.
Om ús hinne giet it der mâl omwei.

Dyn miening sizze kinne,
mar haw ek begryp.
Mekoar net ûntrinne
en twinge ta in: ‘ik ha gelyk’!

Frijheid, ik omearmje dy,
mei alles wat ik ha.
Winskje dy en my,
tûzenen jierren in goeiemoarn yn frijheid ta.

Adri de Boer
Gemeentesjonger/dichter Opsterlân 2024-2026