
Doe’t sy yn maart mei de NL-Doet dagen oan it klussen wie by de pjutteopfang It Pikekhokje yn Terwispel, wiene de bern nijsgjirrich nei har moaie ambtsketen. Dy hie se doe net meinaam, mar se woe noch wol in kear weromkomme om him sjen te litten. Dat hat se freed dien, doe koe se fuortdaalk ek in ferhaaltsje foarlêze út it nije Tomke boekje. Dit wie tagelyk de start fan de Tomke Foarlêswike yn Opsterlân. Alle pjutten krije it nije boekje mei ferhaaltsjes, lietsjes en opsizferskes mei nei hûs.












