Column

Wykein net berikber

Afbeelding
arend column 2
Ik sis it mar efkes, kommend wykein bin ik min te berikken. Neat om soargen oer te meitsjen, der binne efkes wichtiger saken as de Sa!.
Ik woe der net te folle oer sizze, want eins is it steatsgeheim. Mar yn De Haach lekt dochs alles út, dat dan fertel ik it jim leaver sels. In wike as wat lyn kuiere ik troch de bosken fan De Sweach. En wa kaam ik dêr tsjin? Sophie Hermans. Sy ken dêr alle paadsjes, se is suver neist de bosk opgroeid. Hjoeddedei is sy sawol de linker- as rjochterhân fan Mark Rutte en spilet foar master op by de formaasje fan in nij regear. De beide ynformateurs makken moandei bekend dat Rutte der efkes in pear dagen tuskenút is. It komt de man ta. Mar dy formaasje duorret al sa lang, dat moast eins net noch mear fertraging oprinne.
Boppedat like it harren ek wol aardich dat der ris in pear frjemde eagen oer it spul gean. Der meie no mear minsken oanskowe by de formaasje, dat no like it Sophie goed om my ek te noegjen. Sophie hie heard dat it yn Opsterlân al ris holpen hat dat der in sjoernalist by de formaasjegesprekken siet. Doe betochten se dat dit miskien yn De Haach ek wolris de oplossing wêze kin. Sophie frege by de Opsterlânske VVD-pommeranten wat foar Opsterlânske man fan kwizekwânsje sy dan ha moast. En doe kamen se mei myn namme op it aljemint. En at De Haach jo ropt, dan kinne je min nee sizze. Dat at jim moandei in pear ûnderhannelers mei blauwe earleltsjes sjogge, grutte kâns dat dit troch my komt. Dan ha ik se ris goed oan de earen lutsen. Sjen at dat helpt.
Arend Waninge