Berne-opfang Loevestein yn de Gordyk behellet it sertifikaat foar twatalich wurkjen
GORDYK - Berne-opfang Loevestein yn de Gordyk hat it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ helle. De berne-opfang is ûnderdiel fan berne-opfang koepel Kinderwoud, en húsfeste yn iepenbiere basisskoalle Loevestein yn de Gordyk. Sy wurkje mei in taalbelied dêr’t it Nederlânsk en it Frysk bewust omtinken yn it deistige program krije. Dizze wurkwize stimulearret de twatalige ûntwikkeling foar de jonge bern sa optimaal mooglik.

Feest!
Om ‘t de berne-opfang it sertifikaat behelle hat, wie it dêrom op 17 oktober 2025 feest op de berne-opfang yn de Gordyk. Janneke Brakels hat der mei har muzykale foarstelling, tegearre mei de bern in gesellich feestje fan makke! Dêrnei hawwe de konsulint fan it SFBO en Janneke it sertifikaat ûntbleate, en wie der in springkessen, kofje, tee en limonade mei in stikje sûkerbôle of oranjekoeke! Ek de âlden fan de bern, de pedagogysk profesjonals, pedagogysk coach en de klustermanager fan de lokaasje wienen oanwêzich om dit feestlike momint mei-inoar te fieren!
By it sertifisearringstrajekt kriget de berne-opfang yn de Gordyk begelieding fan it SFBO, kennissintrum meartaligens jonge bern. By it SFBO binne rom 270 bernedeiferbliuwen en pjutte-opfanglokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.
Twatalich wurkjen
Twatalige lokaasjes wurkje mei dúdlike taalôfspraken. De pedagogysk profesjonals brûke konsekwint ien taal. De pedagogysk profesjonals hâlde fêst oan de taal dy’t hja fan hûs út went binne te praten. Dêrby soargje sy dat der in grut oanbod is fan de Fryske taal.
Dizze wurkwize soarget foar in optimale twatalige ûntwikkeling foar de jonge bern.
Fisitaasjekommisje
Der hat in fisitaasjekommisje yn de Gordyk west te sjen. Der is sjoen nei it taalbelied, de taalomjouwing, it pedagogysk taalklimaat en it folgjen fan de twatalige ûntwikkeling.
De kommisje skriuwt yn har rapport:
‘De bern hawwe allegearre in poefke pakt en sitte yn ‘e rûnte. Ut de Tomke koffer komme trije platen. Ien mei auto’s, ien mei fytsen en ien mei popkes dy’t rinne. “Sjoch wat docht Tomke hjirre?” freget Mayke oan de bern. Tomke yn de auto, op de fyts of Tomke rint.
Ek binne der trije hûskes mei lytse popkes der yn. No meie de bern om bar in popke pakke, sizze hoe’t se nei de opfang kaam binne en it popke by de passende kaart lizze. Dan mei in jonkje telle hoefolle bern mei de fyts, de auto of binne of rinnende. Alle bern, lyts en al wat grutter wurde hjirby goed belutsen en dat is sjoen it grutte ferskil yn leeftyd by dizze groep hiel knap..’
![]()












