Politiek

FNP Kafee oer slach om ‘e romte yn De Skâns De Gordyk

Door: Ynte Dragt

DE GORDYK - De slach om ‘e romte. Dêr giet it earste provinsjale FNP Kafee oer op freed 28 maart yn De Skâns op ‘e Gordyk. Grutskalige wentebou, treinspoar, gaswinning, stroomkabels, militêre útwreiding, der binne legio romteklaims. Hoe giet de FNP dêr mei om?

FNP Kafee - Slach om de romte
FNP Kafee - Slach om de romte Afbeelding: FNP.frl

Haadsprekker is ‘kuierprofessor’ Zef Hemel fan de universiteit fan Grins. Hy fynt dat it Noarden yn De Haach as in wingewest brûkt wurdt. Nederlân moat krekt sunich wêze op de romte en it lânskip hjir. Mar, moatte wy Friezen de oare ynwenners fan ús lân net earst útnûgje om ús goud te belibjen?

Jo kinne yn petear mei heechlearaar Hemel en FNP’ers lykas fraksjefoarsitter Harm de Jong fan Opsterlân en provinsjale FNP’ers. De jûn is fergees en elkenien is wolkom, ek net-leden. Jo moatte jo wol even oanmelde op de webside fnp.frl.

Oer it FNP Kafee

In FNP Kafee is in nijsgjirrige moeting mei saakkundigen, beliedsmakkers en oare belanghawwenden rûn in aktueel tema. Doel is om mear te witten te kommen en om te sykjen nei oplossingen. Ek wol de FNP graach yn de kunde te kommen mei nije minsken, mooglik nije FNP’ers. By elts kafee spilet ien fraach de haadrol.

Oer Zef Hemel

Planolooch Zef Hemel is bysûnder heechlearaar oan de Faculteit der Letteren fan de Ryksuniversiteit Grins en de Faculteit Bouwkunde fan de TU Delft. Hy beset de Bonnema-learstoel, in nije bysûndere learstoel dy’t ynsteld is troch de ir. Abe Bonnema Stichting. De formele learopdracht is: Romtlike werûntwikkeling en refitalisaasje fan rurale en urbane regio’s, yn it bysûnder yn Grinslân en Fryslân.

Freed 28 maart, 19.30 oere. De Skâns, Loaijersstrjitte 2, De Gordyk.
FNP Kafee mei Zef Hemel – Slach om ‘e Romte. Oanmelde: fnp.frl