Algemeen

Berne-opfang de Kubus yn Beetstersweach behellet it sertifikaat foar twatalich wurkjen

Door: Ynte Dragt

Beetstersweach - Berne-opfang de Kubus yn Beetstersweach hat it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ helle. De Kubus is ûnderdiel fan berne-opfang koepel Kinderwoud. Sy wurkje mei in taalbelied dêr’t it Nederlânsk en it Frysk bewust omtinken yn it deistige program krije. Dizze wurkwize stimulearret de twatalige ûntwikkeling foar de jonge bern sa optimaal mooglik. 

Berne-opfang de Kubus yn Beetstersweach hat it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby' behelle.
Berne-opfang de Kubus yn Beetstersweach hat it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby' behelle. Foto aangeleverd

Berne-opfang de Kubus is in lokaasje mei 3 dei-opfang groepen, 1 pjutte-opfang en 1 BSO groep. De pjutte-opfang is yn ‘e maitiid fan 2025 slagge foar it sertifikaat. Berne-opfang groep de Pink Panters hawwe it sertifikaat no ek behelle en de oare 2 dei-opfang groepen; Rainbow Rabbits en Blue Birds binne noch dwaande mei it trajekt fan SFBO en hoopje it sertifikaat ek gau te heljen. 

Feest!

Om ‘t de berne-opfang it sertifikaat behelle hat, wie it dêrom op 19 febrewaris feest op de berne-opfang yn Beetstersweach. Poppeteäter Rozemarijn hat der mei har foarstelling ‘de skatkiste fan de prinses’ in gesellich feest fan makke! Foarôf oan de foarstelling hat de konsulint fan it SFBO it sertifikaat oerlange. Middeis mochten de bern ek noch mei harren âlders in taartsje fersiere.

By it sertifisearringstrajekt kriget de berne-opfang yn Beetstersweach begelieding fan it SFBO, kennissintrum meartaligens jonge bern. By it SFBO binne rom 260 bernedeiferbliuwen en pjutte-opfanglokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.

Twatalich wurkjen

Twatalige lokaasjes wurkje mei dúdlike taalôfspraken. De pedagogysk professionals brûke konsekwint ien taal. Sy biede harren eigen taal oan, it Frysk of it Nederlânsk. Dêrby soargje sy foar in rom oanbod fan de Fryske taal. Dizze wurkwize soarget foar in optimale twatalige ûntwikkeling foar de jonge bern. Op de Kubus wurdt wurke mei Puk en Tomke dagen. Op de Tomke dagen binne alle aktiviteiten yn it Frysk, op de Puk dagen Nederlânsk.

Fisitaasjekommisje

Der hat in fisitaasjekommisje yn Beetstersweach west te sjen. Der is sjoen nei it taalbelied, de taalomjouwing, it pedagogysk taalklimaat en it folgjen fan de twatalige ûntwikkeling. 

De kommisje skriuwt yn har rapport: “De meiwurkers hawwe in soad ûnderfining mei de meartalige opfang en kin sadwaande hiel goed oanjaan wat de foardielen fan sa’n opfang binne. Der waard frege, útlein, oerlein, songen, yngien op reaksjes fan de bern en der kamen begrippen oan ‘e oarder lykas: in grutte reus en in lytse kabouter (de bern makken harren dêrby grut en lyts).”

Berne-opfang de Kubus yn Beetstersweach
Berne-opfang de Kubus yn Beetstersweach