Column

Arends Each in NoSa!

Door: Redactie

GORREDIJK Vaste prik in iedere aflevering van NoSa! is de gesproken column van Arend Waninge. Deze keer over woningbouw, de duizend woningen van Opsterland en het ganzenbord. 

Arend Waninge
Arend Waninge Siebe Kuipers


De volledige tekst:

Ik ha koartlyn leard hoe’t je in protte jeugd op in fergadering fan Pleatselik Belang krije. Set de ûntwikkelingen oer nijbouplannen op de aginda en se binne der. En grut gelyk ha se.

Dat der in gebrek oan wenningen is, dat is gjin nijs. Mar hoe losse wy dat op? Us minister fan wenjen wit it. Elk doarp ‘een straatje er bij’. It is stoer praat. Soe de man no werklik net begrepen ha dat dit net sa maklik giet. Dat der hiel wat prosedures nedich binne om sa fier te kommen en dat je faak ek noch mei beswieren te meitsjen ha fan wit ik ek wa?

De gemeente Opsterlân brocht de ôfrûne wiken in pear bouwprojekten nei bûten: 4 wenningen yn Sigerswâld, 6 yn Wynjewâld, 28 yn Oerterp, 26 yn Terwispel. Yn Langsweagen binne se al oan de slach mei 16 wenningen. En op de Gordyk lizze conkrete plannen foar in lytse 100 wenningen der by. En dat wurde der noch mear. Dat binne mei elkoar goed 160 wenningen. It begjin is der. It is de earste slach op wei nei de 1000 nije wenningen dy’t it kolleezje fan B en W foar 2035 realisearje wol.

Der sit ek noch wol hiel wat yn it fet yn ûnder oare Bakkefean, Beetstersweach, Nij Beets en De Tynje. En wat opfalt, Opsterlân nimt ek wer mear it stjoer oer de wenningbou. Troch sels plannen te ûntwikkeljen en mear easken te stellen oan ûntwikkelders.

It wenakkoard dat sletten is troch gemeenten, provinsjes en it Ryk makket mear mooglik. Mar is it genôch? De pûde mei jild dy’t ek komme soe, is der noch hieltyd net. Want te folle tocht mei Rânested eachen. It ferlet nei wenningen nimt allinich noch mar ta. Der binne in soad groepen dy’t in plakje ha moatte. En rinne wy net opnij achter de musyk oan?

Want de tanimmende fraach rint lykop mei in leger tal wenten dat bout wurdt. Hegere bouwkosten driuwe de priis sa op dat projektûntwikkelers guon projekten al op de langere baan skowe. It kin net mear út. It bouplan yn Terwispel rint al in pear jier. De huzen wurde al sa’n 60.000 euro djoerder dan earst tocht. En dan ha de keapers ek noch te meitsjen mei hegere rintes.

Boppedat, in grut part fan de earder neamde wenningen stiet der pas yn 2025. Mei oare wurden: dat strjitsje derby yn elk doarp. Dat duorret noch wol efkes.

It is hiel nijsgjirrich om te sjen hoe’t it wenjen in rol spilet yn de campagnes foar de ferkiezings. Alle partijen binne it der wol oer iens dat der mei faasje bout wurde moat. Mar hoe?

De nije Opsterlânske wethâlder Marcel van Opzeeland is mei faasje útein set op dit dossier. Mar hy wit ek al dat it sa maklik net giet. Hy fergeliket it mei Ganzenbord. Foardat je by de finish binne komme je hiel wat opstakels tsjin. Je kinne yn de put bedarje, plakjes werom skowe, yn de finzenis reitsje of werom nei de start moatte. It heart der allegearre by.

It is in moaie fergeliking, mar at ik de minsken yn de sealtsjes sa wat belústerje, fine sy it mear in kwestje fan Mens-erger-je-niet.

Arend Waninge