Column

Prins Ronald de Earste

Door: Redactie

Der moast gong makke wurde. De alfde fan de alfde wie al efkes lyn. Yn sân hasten waard Ronald beneamd ta Prins. Hy naam it roer in skoftke yn hannen. Dy rol smakke him goed. Blier stie hy foar de kamera’s, ek al sei hy neat.

Arend Waninge
Arend Waninge Foto: Nel Wierenga

Syn plan: wy meitsje der ien grutte polonêze fan. Sa sette it saakje útein. Prins Ronald de Earste dûnsjend en laitsjend foarop. Oan it ein fan de seal gie hy dan links-, dan wer ris rjochtsôf. Hy wist ek net krekt wat hy woe, mar dat hearde by it proses. 

Alle kearen at se in bocht makken, kamen se wer by dy wat brimstige man del. It die Prins Ronald tinken oan brulloften fan earder. Der wie altyd wol sa’n omke dy’t by de polonêze mar min omheech kaam. Ek al waard hy alle kearen noege om yn de rige oan te sluten. De minsken foarop lieten de romte. Hy die wolris in rûntsje mei, mar fan herte gie it net.

Sa giet it wiken oan. Wêr’t it einigje soe wist net ien. Mar Prins Ronald hâlde de gong deryn. In inkele kear seach hy oer it skouder, syn gefolch bestie yn alle gefallen út trije feestgongers. De fjirde wie der sa no en dan. 

Prins Ronald gie sa yn syn funksje op dat hy net yn de gaten hie dat de fjouwer ek wolris efkes sûnder him oan tafel sieten. Mar wat koe it skele. It soe goed komme. Mar yn de lêste dagen begûn it wat te heakjen. De wat drege omke hong hieltyd mear dwers. Nukt my neat, tocht Prins Ronald. Hy wol wol mei, mar wit it sels noch net. It komt wol goed. 

Mar dat kaam it net. Doe’t it einlings echt karnaval wie, rûn Prins Ronald de polonêze allinnich. De iene helte fan de seal wie op him útsjoen. De oare helte hie dochs al neat begrepen fan wat hy yn de holle hie. De kater kaam op ‘aswoensdag’, de dei nei karnaval, sa as it heart. De dei fan besinning, boete en bekearing. Prins Ronald en syn gefolch stiene wer mei beide fuotten op ierde. Al hie net ien yn de gaten wat se dien hienen en hoe’t it fierder moast.

Arend Waninge