Column

Spegel

Door: Redactie

It kaam moandei as in ferrassing. It wie my efkes ûntgien dat der noch in rapport komme soe fan de parlemintêre enkêtekommisje Fraudebelied. 

Arend Waninge
Arend Waninge Nel Wierenga

It is in skerpe spegel wurden. Net allinnich foar útfierende ynstânsjes, mar de kommisjeleden binne ek seker net myld foar harren kollega-Twadde Keamerleden. Sy ha soarge foar ‘kwalitatief slechte wetten’ en ha in oanjeiende rol spile yn de ferhurding. 

Dy konklúzje is net nij. Yn 2021 ferskynde der al in prachtich boek: ‘Zo hadden we het niet bedoeld’. Yn dizze útjefte fan De Correspondent wurdt al wiidweidich it proses rûn de taslagge-affêre beskreaun. De skriuwer Jesse Frederik is net myld yn syn oardiel oer hoe’t elk syn rol spile. Ek oer hoe’t Keamerleden en sjoernalisten elkoar hieltyd mar wer oanfiterden en yn sûkeladeletters oer mooglik misbrûk fan regelingen skreaunen. En hoe’t dat wer nij belied opsmiet, wat dan wer net út te fieren wie. Frederik doarde ek kritysk te wêzen op Pieter Omtzigt, neffens hiel wat oaren de held yn dit dossier.

Wy binne yn dit lân der wol goed yn misstannen of mooglike misstannen foaral op te lossen mei nij belied. Yn Den Haach jouwe se by wize fan sprekken graach in miljoen út om in ton oan mooglik misbrûk fan in regeling oan te pakken. Leaver nij belied as de konkúzje lûke dat it besteande belied wat bysteld wurde moat. Of dat misbrûk fan regelingen nea hielendal út te sluten is. 

Ek sjoernalisten wurdt in spegel foarhâlden. En ek dat is goed. De druk om hieltyd mei nijs te kommen is grut, seker yn Den Haach. Wat bin ik bliid dat ik net yn dy kluwen fan kamera’s en mikrofoans wurkje. Mar ik bin sels ek net hielendal skjin op ‘e lever. Ferline wike sette ik in kop online oer in mooglike gasekploazje dy’t foarkommen wie. Wat der stie kloppe, mar wie miskien wol wat hurder oanset as dat ús lêzers wend binne. Der kaam ek al binnen in oere tillefoan. Ik ha der nochris nei sjoen. It koe yndie wol krekt wat minder. Sa’n spegel is wolris goed. Foar elkenien.

Arend Waninge