It like ús thús wol aardich om yn in hoekje fan de tún wat griente te ferbouwen. Dat stie al langer op de list mei plannen, dêr’t meast mar amper wat fan telâne komt. Moai dat der ambysjes binne, is ’t net sa? Mar it grientetúntsje soe al wêze. Wy ha wat op ynternet omstrúnd, wat sied en wat plantsjes kocht en it gie merakels. De koal, radys en slaad groeie omraak. Sa njonkenlytsen binne wy lykwols net mear de ienigen dy’t der in soad wille oan ha.
It tilt yn ús tún op fan de fûgels, der is altyd leven. Wy binne ek sa gastfrij at it mar kin. Alde bôle bedarret op in fêst plak en dy fûgels binne ek net ûnnoazel. Sy ûnthâlde wol wêr’t se wêze moatte. It liket ek wol al ha se in groepsapp om elkoar fan it oanbod op de hichte te hâlden. Al is it noch sok groeisum waar, de jonge grienteplantsjes kinne der sawat net tsjin groeie. Sa hurd wurdt it ek wer fuortfretten.
Wy litte it earst mar sa. Lizzend yn de hingmatte klinke dy fûgels och sa moai. En om no mei netten en wit ik wat de griente foar ússels ôf te skermjen, is ek al wat. Der binne al genôch minsken en bedriuwen dy’t allinnich oan harren sels tinke. Somtiden tink ik wolris, wie ik mar sa tûk of hurd as de topmannen fan booking.com en soksoarte bedriuwen. Mar ik bin leau ik lokkiger mei hoe’t ik no libje. Sa wie it dit wykein wer in feest om by aktiviteiten fan NLdoet te sjen, de mienskip kin sa moai wêze. Dan de griente mar foar de fûgels en oare bisten, wy komme dochs twa kear wyks yn de supermerk. Dêr is griente genôch.