It wie alwer in jier as wat lyn dat ik op de tribune fan it Abe Lenstra Stadion siet. Ik wit ek wer wêrom. Man, wat duorret in wedstriid lang as der op it fjild amper wat gebeurt.
In goal yn de earste minuten en dat wie it. Ek noch oan de oare kant fan it fjild, dat ik ha letter by Studio Sport pas sjoen hoe’t it wie. Mar fierder… Ik hie sa wol alle tiid om goed om mei hinne te sjen. Wy sieten krekt nêst it steanfak fan Nieuw Noord, de fanatike supporters. Sy soargen foar sfear en songen omraak. It sil ek holpen ha dat se aardich sportbenzine tankten. Foar de wedstriid seach ik in hiele rigel jonges stean mei allegear seis deasleine pilskes achter harren. Sy koenen efkes foarút. Tidens de wedstriid, foar safier it al in striid wie, wie it in kommen en gean fan supporters dy’t om in nije foarried útgiene. Of om it eardere bier wer kwyt te wurden.
As tsjinst nei dizze trouwe supporters koe de fuotbalclub oars ek wol pisgoaten op de tribune ynstallearje. Stean dogge se al en se hâlde elkoar wol wat út it sicht. It bier begûn te wurkjen. Fûleindich springe wie der foar guon net by sûnder harren goed oan in stekje beet te hâlden. En springe moasten se al, want oars binne je foar Cambuur, sa klonk it. It Hearrenfean helle de oerwinning binnen, mar fierder wie it neat mei neat. Sa krije de spilers it stadion net wer fol, ik hoech takom wike yn elts gefal fuort net wer. Nei de tiid songen de supporters fan Nieuw Noord harren spilers ta as wiene se kampioen. Ik hearde ien nêst my sizzen: ‘ongepast enthousiast’. En sa wie it.