It is no alwer in prachtige sportsimmer en dan moatte de Olympyske Spelen noch begjinne. Rekords sneuvelje en dêr woenen wy mei-elkoar ek oan meidwaan. Yn in wike tiid naam it tal coronabesmettingen mei fiifhûndert prosint ta. Dat ha wy knap dien.
En no net de jeugd de skuld jaan. Fansels sprong dy út de bân, no’t it wer ris koe. Hie ik ek dien op dy leeftiid. Der lei ek net ien harren in striebreed yn de wei. Wy grutten diene krektlike goed mei. Yn winkels, op feestjes, op strjitte. Wa prate noch oer oardel meter? Op jierdeis joegen guon elkoar wer in hân en somtiden in dikke smakkerd derby. It koe wer. Net dus.
En no? De sikehûzen lizze noch net fol, mar de fekânsjes steane miskien wol faai. En dêr wiene wy oars wol oan ta. Boppedat Nederlân is moai, mar je wolle ek wolris wer oer de grins sjen. Soe dat ferrekte firus no ek net sa fier te krijen wêze om ek efkes frij te nimmen? Ek foar corona wie it in drok jier. At it in pear sinten kostje moat, fuort dan mar. De measten fan ús ha dochs omraak sparre it ôfrûne jier. Mar hoe krije je corona safier? En wa moatte wy ynsette? Mark en Hugo mar efkes net, corona sjocht se wer kommen. Hy laket no al. Wy moatte fierder sjen. Nei ien dy’t mooglik makket wat in oar net foar elkoar kriget. Nei in soarte fan ‘Redder des Vaderlands.’ Fansels: Louis van Gaal! Hy hat der fêst al oer neitocht. Dat Nederlânske team nei it WK bringe docht hy der sa efkes by. Wa hat syn nûmer?