Column

Fan ien nei mear pk’s

It moaiste byld fan ôfrûne wyk- ein dat ik op tillevyzje seach wie Sinteklaas yn it sadel mei de reade mantel útspraad oer it achterein van syn hynder. Wat bliuwt dat dochs moai.

Afbeelding
arend column 2
‘Zachtjes gaan de paardenvoetjes, trippel trappel trippel trap’. Mar dit kear dus net. It wie snein stil by ús thús, it gefoel fan 5 desimber wie fier fuort. Sinteklaas fiere wy altyd mei de hiele famylje fan myn frou har kant. Mar dat binne, krekt as ferline jier, tefolle húshâldingen om by elkoar te kommen. Wat skûmkes en pipernuten yn in pot op it oanrjocht, dat wie it.
Soe de âld baas takom jier it der wol wer op weagje? Miskien fielt hy him sa njonkenlytsen wol ‘ongewenst’. Mar sa is it net blinder, it bliuwt in prachtfeest. Wat ha ik wer in wille hân mei it Sinteklaassjoernaal. It kaam wat dreech op gong, mar de Pieteparsekonferinsjes en it ûntslach fan de Hoofdpiet wiene boppeslagen. Ik ha net in ôflevering mist. En dat as begjin fyftiger dy’t al jierren út de lytse bern wei is. Elk syn gebrek.
Mar we koene snein sa troch- skeakelje fan dy iene ien nei folle mear pk’s. By de Formule 1 hiene se lykwols noch nea heard fan it begryp pakjesjûn. Se joegen neat wei, ek al sjogge se net op in stikje blik of rubber mear as minder. De Saoedi’s hienen harren sels mei dizze earste eigen Formule 1-wedstryd wol in aardich kado jûn. Dêr stekt myn sûkeladeletter wol hiel bleekjes tsjin ôf. Sy ha dêr ek krekt in wat oar ‘bestedingsnivo’ tink ik dan mar. En it sit ús mear yn de grap en it omtinken dan yn de jildwearde fan it kado. Wy ha al betocht dat we Sinteklaas yn de rin fan jannewaris mar ris ynhelje moatte, at it allegearre wer wat kin. Tsjin dy tiid sil Max noch wol in kater ha. Mar oft it fan it heljen of it missen fan de wrâldtitel is, docht kommende snein bliken.

Arend Waninge