De dagen koarte. Mar alle gesellichheid dy’t normaal dizze tiid fan it jier kleuret, driget fuort te fallen. It firus hâldt ús yn de macht. Alwer. Ik wie benijd hoe’t it Sinterklaasjournaal de temperatuer fan ús lân wit te treffen. Meast slagje se dêr aardich yn. Mar dit jier wiene se fansels ek oerfallen troch it lêste nijs fan freed. Doe wiene de opnamen al lang klear. Doe’t de kamera’s draaiden hong it blêd noch ryklik grien oan de beammen.
Ferline jier hiene se in gouden fynst. Gjin feestlike yntocht, mar in nije ferzje fan it âlde defilee by Soestdijk. Dêr keazen se no wer foar, mar de grap wie der wat ôf. De âld baas siet op syn troan boppe op it bordes. Fier ferheven boppe de bern dy’t de trap op moasten om harren eigenmakke guod te oerlangjen. It byld fan de stalmeester fan Wim Sonneveld spoeke efkes troch myn gedachten. Al seach ik sa gau de rododendron net om alles achter te ‘miterjen’. Mar sa heart it net. Sinteklaas moat tusken en net boppe de bern stean.
Mar hoe langer ik oer de útstjoering neitocht, hoe mear ik twifele. Net oan Sinteklaas fansels, dy bestiet. Wol oan de yntinsjes fan it ferhaal. Dit jier wie it net de fraach oft de woldogger wol op ’e tiid yn it lân wêze soe. Hy wie der sels al in dei earder. Mar mei de stoomboat wie it wol goed mis. De reparaasjes fan de Pyt oan board mislearren kear op kear. De reserve-ûnderdielen wiene dochs net sa goed as tocht, want meast fan sûkelade. Soe dat dan dochs in fingerwizing wêze nei ús regear dat sa’t it liket hieltyd mei oplossingen komt dy’t net wurkje?