Yn ‘e stoel
De Geknipte Gast. Dat is in programma op tillevyzje, miskien kenne jim it wol. In bekende Nederlanner, hoe sil it ek oars, giet yn de kappersstoel sitten by Özcan Akyol, better bekend as Eus. Yn it be- gjin knipte hy dizze minsken mei de skjirre. No’t dat troch corona net mear kin, probearret hy se mei wurden te knippen. Dat slagget de iene kear better as de oare kear. Mar ik mei dizze man wol lije. Hy sparret syn gasten en ek himsels net. Ik soe ferline jier al ris mei him yn gesprek yn De Skâns. Mar dat wie pland doe’t wy noch gjin weet hienen fan it firus dat ús al sa lang pleaget. Wa wit komt it der noch in kear fan, it mei om my.

De kapper wist dat ik der ek efkes tusken út sil. Al mear as in heal jier lyn besprutsen. Mar hoe tichter de dei komt om fuort te gean, hoe beroerder it fielt. Seker no mei de lockdown. Ik gean al, mar it gefoel moat noch komme. Oant takom jier.












