Column

Ut elkoar

Door: Redactie

It iten wie goed, it útsicht net. Wy sieten yn in restaurant yn Beit Sahour, de Palestynske sustergemeente fan Opsterlân. Yn de fierte skynden de ljochtsjes fan in Israëlyske nedersetting.

Arend Waninge
Arend Waninge Nel Wierenga

It dal dertusken wie net grut, mar net begeanber. As stiene je op it fiadukt bij Nij Beets, seagen je De Sweach lizzen, mar wisten je dat je der nea komme soenen. 

De oare deis fertelde in mem oer de sitewaasje op de westlike Jordaanoever. Dat har bern eins nea in oare Israeliër seach as in soldaat mei in gewear. In oar die út de doeken dat se net sels it stjoer hienen oer it elektrysk. At jûns it ljocht útfoel dan wisten se dat der soldaten kamen foar in aksje. 

Op wei nei Ra’anana, de Israëlyske sustergemeente, moasten we by fernederjendje kontrôleposten del. Wy mar ien kear, de Palestynske arbeiders twa kear deis. Hege hekken mei stikeltried as dak. Hege betonblokken oeral neist de dyk. Se koenen noch gjin krúspunt mei elkoar diele. It is wat as je sa mei elkoar yn ien lân wenje moatte. En it is in lyts lân. De Gazastrook is twa kear Texel, mar der wenje wol twa miljoen minsken. 

Yn beide gemeenten sprutsen wy boargers en bestjoerders dy’t oanjoegen dat de extremisten, de hardliners, de aginda bepaalden. Mar dat der yn it lân, oan beide kanten, ek oare minsken wennen. Dy’t it net foar it sizzen hienen, mar wol de gefolgen drage moasten. Letter dat jier waard der yn it gemeentehûs op De Sweach in tentoanstelling iepene fan foto’s dy’t Sietse de Boer yn alle trije gemeenten makke hie. Elk wie grutsk dat sawol de Israëlyske as de Palestynske boargemaster der wie. Al wie dat wol wat yn it geniep. Se moasten der thús eins net fan witte. Beide mannen rekken bot mei elkoar oan de praat. 

Dit wie yn 2009. We binne sawat fyftjin jier fierder, mar binne gjin donder opsketten. Fier fan dat. Earme minsken.

Arend Waninge