Wurden
Dêr stie hy snein yn Amsterdam, ús kening. Mei goed keazen wurden iepene hy it nije Holocaustmuseum. De goede fersteander helle it boadskip der wol út. Sa heart in staatshoofd as symboal fan in hiel lân dat te dwaan. Gjin polityk, wol ferbine.

Syn kollega út Israël fûn dat wat dreger. It giet my der net om oft dy man hjir wol of net wêze moast. Hy wie der. It giet my derom wat hy sei. Hy is net allinnich president fan syn Joadske, mar ek fan syn Arabyske lângenoaten. Foar dy lêsten wiene syn wurden in stik minder ferbinend as dy fan ús kening.
Se sille goed oer harren wurden neitocht ha. De president socht dus bewust in polityk boadskip. Dat hie op sa’n gelegenheid net hoecht. It hie opskuor skeeld. Jûns krige hy yn Nieuwsuur folop de kâns om him skerp hearre te litten.
Dit is no krekt wêrom’t ik noch altyd wiis bin mei de monarchie. Kemal Rijken beskriuwt yn it boek ‘Monarchie’ de ûntwikkeling fan Europeeske keningshuzen nei de Twadde Wrâldkriich. Hy set moai op in rychje hoe’t it yn ferskate lannen mei it blauwe bloed gien is. Hy makket goed dúdlik hoe posityf de rol fan in keningshûs wêze kin foar in lân troch as ferbiner en symboal boppe de partijen te stean.
Al binne der fansels ek mindere foarbylden. Guon minsken fine in monarchie net demokratysk, wy kieze it staatshoofd net. Mar wy binne wol in bysûnder lân. Yn it ferline in republyk, wêr’t wy it net mei-elkoar iens wurde koenen en yn tiid fan need it folk in Oranje frege om ús lieder te wurden. Hiel oars as yn Ingelân wêr’t de kening sjoen wurdt as troch hegere machten delset. Mear as in lyts ferskil. By ús gjin kroaning, mar in ynhuldiging troch it parlemint.
Fansels, in presidint kin ek it ferskil meitsje. Ek dêr bin foarbylden fan. Mar hoe politiker it wurdt, hoe faker tsjinstellingen oproppen wurde. Jou my dan mar in monargy. Dat bynt faak wat mear. Dan nim ik alle ûnsin oer in plak- en knipfoto fan in prinses wol foar leaf.
Arend Waninge












