Leafde yn de heaberch
“Wy meie hast wol sizze in unyk projekt”, fynt Evert de Jong. In stik as dit is noch net earder yn Fryslân opfierd, fertelt de ko-skriuwer. It stik spilet him ôf op fjouwer lokaasjes: trije heabergen en de seal fan doarpshûs De Kiekenhof. Yn de oerdekte heabergen wurde trije ienakters spile. Twa bin skreaun troch Evert de Jong, de tredde troch Evert de Jong en Yme de Jong tegearre. Fyftich minsken sitte dan boppe op it ferhaal.

Sa sjogge se hoe’t twa froulju op in kantoar argewaasje ha oer de Fryske taal. “De sjeffin is op en top Frysk. Har kollega is in ôfstudearre yup út it westen. Dy doart gjin Frysk te praten.” It ferhaal oer in skoalskjinmakster is oandwaanlik. Al jierrenlang nimt se potleaden út de skoallen mei nei hûs. As de wethâlder bellet, tinkt se dat se in lintsje krije sil foar har wurk. “Mar dy wethâlder set har ûnder kuratele om’t se stellen hat.” De tredde ienakter is foar in soad minsken tige werkenber. It ferhaal giet oer in troud pear fan ein fyftich. De man rekket út it wurk en komt thús te sitten. Syn frou die altyd it húshâlden en hie nea tiid foar wurk bûten de doar. Se sitte mekoar op ‘e lippe. It fjirde komponent fan Leafde is in rapsody komponearre troch Sitta Bosman fan Bontebok. “Dat wurdt hiel bysûnder. Mei sân muzikanten op 12 ynstruminten en acht minsken dy’t sjonge en dûnsje. Se bin allegearre yn it wyt.” Alle fjouwer ûnderdielen fan Leafde duorje sa’n tweintich minuten. Dan krije de fjouwer groepen publyk tsien minuten de tiid om nei de folgjende lokaasje te rinnen.
Leafde wurdt spile rûnom doarpshûs De Kiekenhof op 26 en 27 juny om 20.00 oere en op 28 juny om 20.30 oere. Reservefoarstellingen: snein 29 juny om 15.00 en 20.30 oere. Foar kaarten: 0513-541 515, 0513-541 619, 0513-542 156.












