Wykeintip: It Freonental spilet twa toanielstikken op ien jûn
JONKERSLAN Toanielferiening It Freonental spilet yn Us Doarpshûs op sneon 2 (20.00 oere) en snein 10 maart (15.00 oere) twa stikken op ien jûn/middei.

De jûntiid fan it libben
“No haw ik jo al trije kear wat frege,..... werom joue jo gjin antwurd.” Sa begjint it petear tusken Janne en Sibbele op de bank yn de tún fan it âldereinhûs. Twa, wat iensume senioren, dy’t, wylst se prate oer fan alles en noch wat út it deistige libben, hieltyd deuner tsjin inoar oankrûpe. Wêr dit op út rint ....? In sêne mei twa minsken, dêr’t elkenien wat yn herkenne kin. It blijspul fan Aan Pander wurdt spile troch Hedy en Pyt.
In trije sum misbegryp
Wolter hat in goeie saak yn oerwurken, goud en silver. Neidat syn frou Brecht him ferlitten hat helpt syn suster Janny him middeis yn de saak. Hja hawwe de ôfspraak dat der in nije hulp komme sil. Derom hat Janny har freondinne frege om trije sollisitanten te regeljen. Harren sollisitaasjepetear is kommende en Janny tinkt dat se it goed dien hat. Mar de sollisitanten binne die wol wat sy tinkt dat hja binne? Trije froulje oer de flier wêrfan gjin ien begrypt hoe’t it sit en wer it om giet. As Wolter ferskynt, wurdt alles rap dúdlik. De ienakter fan A.L. Wee wurdt spile troch Baukje, Reinskje, Ellen, Ankie en Pyt.
Wannear: sneon 2 maart 20.00 oere en snein 10 maart 15.00 oere.
Wêr: Us Doarpshûs Jonkerslân
Kaarten: freonental@gmail.com (reservearje is nedich)
Yntree: 7,50 euro, o/m 12 jier fergees












