Cultuur

Thúsfront: it ferhaal oer loslitten

Wynjewâld Nynke Heeg (38) ferhuze ôfrûne hjerst mei har man en bern fan Grins nei Wynjewâld. Se spilet al sa’n 15 jier by Tryater. De lêste moannen hat se, yn tarieding op de foarstelling Thúsfront, har bot betocht hoe’t se reagearje soe as har soan útstjoerd wurde soe. “Ik ha sels gjin minsken yn myn omjouwing dy’t yn it leger sitte of sitten ha. En myn eigen bern bin noch jong, dy kin ik noch hiel lang fêsthâlde.” Thúsfront giet oer loslitten, in bern dat fertrouwen jaan om de wide wrâld yn te gean.”

Afbeelding
Yn Thúsfront, in nij stik fan Tryater, nimme trije jonges ôfskied fan harren thús. Se wurde útstjoerd nei in oarlochsgebiet. Nynke Heeg fan Wynjewâld spilet ien fan de memmen.

As in bern kiest foar in militêr bestean, hat dat grutte ympekt op it gesin. Seker at it bern ek noch útsjoerd wurdt nei oarlochsgebiet. Skriuwer Romke Toering siet de ôfrûne jierren oan in protte keukentafels om de ferhalen fan âlders en militêren te hearren en op te tekenjen. Risseltaat is in foarstelling mei persoanlike ferhalen. Fan Anke dy’t har hantekening sette moat foar’t soan Meinte it leger yn kin. Mar ek fan Piter en Harmke mei harren soan Rients en allinnichsteande mem Hinke mei har soan Evert. Allegear belibje se de útstjoering oars. Nynke: “As mem ha ik yn it begjin fan it stik in goeie bân mei Meinte. We ha deselde humor en bin oan mekoar weage. Oan it ein fan it stik is der net sa’n soad fan oer. Ik mei Meinte net mear oanreitsje. Hy komt yn in snelkoker en wurdt te gau folwoeksen. Dy ûntwikkeling fyn ik hiel moai om te spyljen.”

Minsken wurde rekke troch it stik, fernimt Nynke yn de foarstellings dy’t oant no ta spile binne. “Yn ‘e seal sitte âlders, mar ek feteranen. Faak is it lestich om oer oarlochstiid te kommunisearjen. Dit stik is in manier om sjen te litten hoe’t it bygelyks west hat foar de âlders om harren bern nei oarlochsgebiet gean te litten. Hiel bysûnder om te fernimmen dat minsken troch dit stik der dochs oer prate kinne.”

In bern as militêr set in gesin op de kop. Altyd spilet de sintrale fraach: wêr is it goed foar en is it de muoite wurdich? Hoe giet de famylje om mei al dy ûngerêstens en ûnwissens? Mar der is ek bewûndering en grutskens. As de jonges wer thúskomme, docht bliken dat se man wurden binne. “It bern mei dan wer thús wêze, as heit en mem bist se kwyt. De ynfloed en it effekt fan dy kar op it libben, tinken, dwaan en litten fan heiten en memmen, dêr giet Thúsfront oer.”

Thúsfront
Tryater spilet Thúsfront op freed 6 maart (20.30 oere) yn De Skâns op ‘e Gordyk (Met Nederlandse boventiteling).

www.skans.nl