
De akteurs hawwe harren 60-jierrich jubileum, yn 2034. De man (Jan) wol dit unike jubileum fiere, de frou (Marijke) hat der gjin nocht mear oan. Dizze foarstelling is foar in part basearre op de stikken, dy’t se spile ha. Tagelyk ha dy stikken ynfloed hân op harren deistich libben, lykas it akteur-wêzen dat ek hân hat. Se binne net allinne kollega’s, mar ek en foaral man en frou. In kronyk, net allinne fan it (toaniel)libben fan in akteursechtpear, mar ek fan it Fryske kulturele libben, fan it feroarjende Fryslân. www.jmteaterwurk.nl












