Column

Arends each: It wie net spannend, wurdt it no wol

Door: Redactie

GORREDIJK Linksom of rechtsom? De kans is het grootst op rechtsom, stelt Arend Waninge in zijn gesproken column Arends each in de nieuwste aflevering van NoSa!

Arend Waninge
Arend Waninge

Spannend wie it net, wurdt it wol

We sieten der hielendal klear foar. It soe in spannende jûn wurde. Mar yn fiif minuten tiid wie it beslikke. En wienen de ferhâldingen foar de kommende fjouwer jier dúdlik. Of it moat wêze dat it harren yn Den Haach net slagget der út te kommen. Dan meie wy der earder wer wat fan fine. De ferrassing wie grut. Ek ik ha my fernuvere. Net allinnich oer de útslach fan de Twadde Keamerferkiezingen, mar ek oer de reaksjes.

Der sil in oare wyn waaie, mar it liket no krekt as alles ynienen oer de kop giet. Sa giet dat yn dit lân net. Hjir makket net ien party út wat der bart. Boppedat, de grutste party hat in kwart fan it oantal sitten yn de Twadde Keamer. Net mear. En der is ek noch in Earste Keamer dy’t yn ús bestel in rol hat. Dêr lizze de ferhâldingen wer oars, omdat dit lân noch net in jier lyn de hope fêstige hie op in oare party as no.

Der is ek al fuort argewaasje oer de opstelling fan guon partijen. Der meie gjin spultsjes spile wurde, sa hear en lês ik oeral. Mar dat is polityk. En dat is it libben. Ek yn it bedriuwslibben, by ferienigingen en yn húshâldingen wurdt geregeldwei útsocht hoe’t je in oar oan je kant krije kinne. Sels it fersieren fan in oar is in foarm fan polityk. Probearje de oar dwaan te litten wat jesels graach wolle. Dêr is neat smoarchs oan.

Wat foar gefolgen de útslach fan de ferkiezings lokaal hat, moat fansels noch bliken dwaan. At mar foarop stiet dat gemeenten harren rol spylje kinne. Dat betsjut yn it earste plak dat de rigels sa wêze moatte dat der belied te fieren is. En dat gemeenten foldwaande yn de ponge krije om dwaan te kinnen wat se dwaan moatte. Dus net fan Den Haach út oer de hage smite en rêd jim der mar mei.

Fansels moat der stjoer wêze. Dat sjogge je by de opfang fan flechtelingen. At je dat oan de gemeenten oerlitte dan komt it net klear. Mar dat probleem ha we daalk net mear. Want de winnende partyen ha tasein de migraasje oan te pakken. Mar ik hear partijen yn de lêste wiken ek roppen dat fan Den Haach út plakken oanwezen wurde moatte wêr’t huzen bout wurde. Want der moat bout wurde, blinder. At ik dat hear, dan rint my de grize oer de grauwe. Dêr sitte se op it gemeentehûs hielendal net op te wachtsjen. En dêr knypt it ek hielendal net.

Yn alle doarpen witte se wol wêr’t se huzen ha wolle. It sit fêst op prosedueres en op beskikberheid fan minsken. Earst yn de tarieding, dan yn de bou. Hoe dan ek, der sil linksom of rjochtsom wol wer in regear komme. Al is de kâns op rjochtsom fierwei it grutst. Ien ding makket it dit kear wol makliker. Want wol it oars oan it ein fan de rit noch wolris spannend wurde op in partykongres dat ynstemme moat, dêr hat de grutste party fan it lân gjin lêst fan. Want dy hat mar ien lid.