Ik bin der noch
Folle lok en seine yn it nije jier. Dêr bin ik wer. Bin dochs mar net útnaaid. Ik ha rûn de krystdagen noch wol efkes op de kofje west by de kommissaris. Hy woe al witte wat foar man se op Skylge no foar eagen hiene as nije boargemaster.

Nei it twadde bakje wienen wy it der wol oer iens. It moast mar net wêze. Wie miskien wol better foar mysels én foar Skylge. Brok hie ek al in oar op it each. Wy, de kommissaris en ik, hienen noch wol wat soargen oer hoe’t dit op it eilân falle soe. Want út ûndersyk hat krekt bliken dien dat in groeiend tal minsken yn dit lân fan betinken is dat at it harren net nei it sin giet, se wol yn opstân komme meie tsjin it gesach. Geweld wurdt dan net útsluten, sa lês ik oeral. Guon ha dêr yn de nacht fan âld op nij al op ynspile. Wat in ûnferstân.
De moaiste reaksje op it ûndersyk hearde ik op de radio. Want wy kinne wol ôfjaan op de oerheid, mar at de oerheid in jier as wat lyn net miljarden ynvestearre hie, dan hienen hiel wat minsken de ôfrûne wiken mei de fuotten yn it wetter sitten, of slimmer. Al hiene de ramptoeristen, dy’t dit lân ek folop hat, dat miskien wol in stik fermaakliker fûn.
It wurdt hieltyd raarder yn dit lân. Mar der sil fêst noch wol hiel wat barre moatte, wolle demonstranten de haadstrjitte op De Gordyk of yn Beetstersweach ôfslute. Wy binne hjir wol wat nuchterder…, hoopje ik. Der is fansels genôch ôf te jaan op de oerheid. En wy moatte ek kri- tysk wêze.
Mar it is sa no en dan goed om de saak ek efkes fan de oare kant te besjen. Want as bestjoer dogge je it de minsken ek net gau nei ’t sin. Wat soe it moai wêze at al dy roppers net allinnich oan de sydline stean, mar ek sels harren ferantwurdlikheid nimme. Want dêr hat it noch wolris oan. Kom sels yn aksje om de wrâld wat better te meitsjen, wurdt maatskiplik aktyf. Wy moatte it mei-elkoar dwaan en sille allegearre wat mear ynskikke moatte.
Sa!, de dûmny yn my hat âld en nij oerlibbe.
Arend Waninge












