Cultuur en uitgaan

Och heden heit

Taksysjauffeur Jeroen Smit hat in dûbellibben. Hy wennet yn Huzum en is troud mei Hanne. Dêrby hat er in dochter, Eelkje. By Barbara dy’t yn Ljouwert wennet hat er in soan, Gert. Alles is ûnder kontrôle oant Gert en Elkje mei-inoar yn ‘e kunde besykje te kommen. Sa hawwe oant “chatten” west op ynternet en binne entûsjast oer de selde namme-, deselde âldens fan harren heit en dêrom wolle se elkoar perfoarst moetsje. Jeroen docht der alles oan om dat foar te kommen, mar hy rêdt it net sûnder help fan hierder Piter. Piter hiert it appartemint boppe harren en is hast bern oan hûs by de Smitten yn Huzum. Se reitsje beide fertize yn harren leagens en bedroch. Piter besiket fan alles om Jeroen út de niten te heljen. It stik ´Och heden heit´ is in stik dêr´t bot om lake wurde kin. 

Afbeelding
Op freed 13 en sneon 14 maart (20.00 oere) set Rjucht en Sljucht fan De Tynje de klucht ‘Och heden heit’ op de planken yn kafee Overwijk. De yntree is € 10 en it begjint om 20.00 oere. De klucht ‘Och heden heit’ is skreaun troch Ray Cooney en yn it Frysk oerset troch Alle Geart Hof.

Op de foto fan lofts nei rjochts: Alie Hof, Tjitske de Vries, Eppie Oosterbaan, Joeke Meijer, Henk Bosma, Renko Hof en Klaske Lageveen

Yntree: 10 euro. Kaarten kinne besteld wurde by Klara Dam (0513 – 57 13 20) of oer de mail: info@rjuchtensljucht.nl. Kaarten binne fierders op freed en sneon te krijen oan de kassa.

De rezjy is fan Tineke Nicolai út Donkerbroek. Ynstekster is Janke Tiekstra.