
As sjoernalist ha ik myn eigen plakje yn de seal. Dat hie ik earder ek al, mar der is in grut ferskil. Doe siet ik net yn byld. No al! Ik moat oppasse, foaral as de VVD it wurd kriget. Dêr sit ik rjocht achter. Dy VVD’ers ha oeral wat op te sizzen, dat ik moat skerp bliuwe. Net te folle meneuvels meitsje of blike litte at ik fyn dat der ûnsin útkreamme wurdt.
Wethâlder Libbe de Vries hie noch net krekt troch hoe’t de nije sitewaasje wurke. De fergadering sette moandei al om fiif oere útein, dat wy krigen nei in oere wat fruit taskikt. Om net te roppich yn de mage te wurden. Doe’t syn kollega Postma oan it wurd wie, behaffele De Vries syn banaantsje. Fol yn byld. Mar hy die it netsjes. Slikke de fingers suver beskaafd efkes ôf.
Mar ik sil tenei derom tinke dat it hier wat kreas is, ik skeard bin en wat rjochtop sit. Want jim moatte dochs wol it idee ha dat ik myn wurk serieus doch.












