Cultuur

Ale Alema betize yn leafde en misdied

Skriuwen is foar Schokker in hobby, in moaie ûnderbrekking fan syn wurk as baas fan standbou- en beletteringsbedriuw Schokker Producties. “Ik fyn it lekker om jûns en yn ‘e wykeinen in pear bledsiden te skriuwen.” En ideeën bin der by de rûs. “Dan komst ûnderweis in sitewaasje tsjin of in bepaald karakter. Sa kin in plot groeie.” Eins hat Ale Alema wol in bytsje fan himsels, tinkt Schokker. “Hy is wat saai, net echt in cowboy, mar wol in minsklike man. Somtiden tink ik wolris: no Ale, hast yn dit ferhaal ek net safolle dien, wol?”

Afbeelding
Resjersjeur Ale Alema lit wer fan him hearre. Freed presintearre Jan Schokker it fyfde diel fan de detectivesearje oer de resjersjeur. “Eins is dit ferhaal in idee fan de útjouwer. Miskien kin Ale wol ris in moard op in resinsint oplosse, sei se.” En doe begûn it te boarreljen by de 61-jierrige skriuwer.

De ferhalen rûn resjersjeur Alema, fan buro ‘t Hearrenfean, spylje him ôf yn de Fryske taal. Dat is mei reden. “It is moai om te skriuwen yn de taal wêryn’t je tinke en prate. It komt ek omdat ik Fryske toanielstikken skriuw. It is wol in útdaging. Want do hast Krite-Frysk en it Frysk dat wy brûke, dat ferskilt nochal. Somtiden bin der wurden dy’tst eins brûke moatst omdat it geef Frysk is, wylst sawat gjinien dat wurd ken. Oan de oare kant moatst ek wol mei de sprektaal meigean, oars wurdt it Frysk hielendal in achterlike taal.”

Skriuwen yn de Fryske taal smyt gjin dikke royaltys op. De ôfsetmerk is lyts en dêrmei de oplage ek. “Ik tink dat der fan de oare boeken yn ‘e searje elk sa’n fiifhûndert ferkocht binne. Dan hast miskyn krekt de kosten derút.” Mar it is in hobby en dat mei wat kostje, fynt Schokker. It útjaan hat him wol kopsoargen koste. “Mei it earste diel yn de searje yn 2008 ha ik wakker oan it sykjen west om in útjouwer. Doe rekke ik yn kontakt mei Jitske Kingma fan útjouwerij Elikser. Eins kaam ik mei in toanielstik. Dat woe se net útjaan, mar se wie tige entûsjast oer it ferhaal dat ik derby oanlevere hie. Wurkje mei har is hiel ynspirearjend.”

It fiifde boek yn de searje oer resjersjeur Ale Alema krige as titel ‘Tichtby’. Ale syn hûs wurdt nei in brân opnij opboud, mar der is mei de steger knoeid. Hy krijt in foto tastjoerd fan syn freondinne Nanke. Op de foto leit Nanke te sliepen, der is by skreaun: ‘Kin hiel tichtby komme!’ Krekt sa’n foto kriget er letter noch in kear, mar no mei syn kollega Wytske derop. Boppedat is de bankrekken fan Ale leechhelle troch Tichtby bv. Der is ien dy’t it op him fersjoen hat. Ale dûkt ûnder, tegearre mei syn freondinne Nanke.

Se gean nei Noarwegen. En dêr wachtet harren in oare klus: de man fan Nanke is dêr jierren ferlyn ferdwûn. Mar is Nanke wol wa’t se seit dat se is? Se docht hiel frjemd. En dan komt Ale pas echt yn gefaar. Yntiid is kollega Wytske dwaande mei de moard op in 75-jierrige soere resinsint yn in hûs fol boeken. En dat hat ek wer mei Ale te krijen. In spannend en ferrassend Alema-mystearje. ‘Tichtby’ is by de boekhannel te keap foar 19,50 euro.